Loch

Ik hie der noch net oer neitocht, mar it Ingelske “log” moat yn it Frysk fansels as “loch” skreaun wurde. Krije bûtenlânske besikers noch wat om oer te glimkjen aansens. Oan ‘e oare kant, “log” hat yn it Nederlânsk ek noch in twadde betsjutting. En dat lykje net in soad harren bewust te wêzen.

(Yn it Ingelsk betsjut “log” ek noch wat oars. Ach ja. “Throw another log on the fire”.)


[x]#39 fan maandag 19 november 2001 @ 10:43:16


© eamelje.net 2001-2019. Alle rechten voorbehouden