Under de earms
It Frysk hat it moaie wurd “hokse” foar wat Ingelstaligen wiidweidich “the back of the knee” neame. Sa is net ien taal folslein kompleet. It Ingelsk hat de gearstelling “armpit” foar wat yn it Nederlânsk “oksel” hiet. En at Friezen dat lêste wurd net oernommen hawwe, sizze sy “ûnder de earms”. In ryklik dizige ûmskriuwing is dat. Mar der wurdt yn Fryslân al deodorant ferkocht, dat it sil wol begrepen wurde.
[x]#43 fan dinsdag 20 november 2001 @ 20:05:44