Sitaat fan ’e dei | 0201

De Fryske kultuer, wat wit ik der fan… Quatrebras, Sans Souci, Twee Gemeenten… sûpketen by elk doarp… trekkers fan leanbedriuwen dy’t in laach drek op alle binnendiken ride… de helte fan myn freonen hat ea mei de auto yn ‘e sleat sitten… fytse, en einleas wer fytse yn dy ferrekte wyn… altyd trije graden kâlder as de rest fan Nederlân… en altyd mear sinne op de waadeilannen… brêgen dy’t iepen steane… molkauto’s… brommers… en oeral dy ferrekte tsjerken en op snein gjin kloaten te belibjen. Mar, dat is yn Limburg, Twente en Grinslân ek sa.

Botte Jellema, ‘Kultuer’


[x]#13721 fan donderdag 1 februari 2018 @ 13:50:23


© eamelje.net 2001-2019. Alle rechten voorbehouden