Noarmen en wearden
It aparte is dat wy nea op wearden as sadanich wiisd wurde, wy wurde konfrontearre mei foarskriften en wy moatte leauwe dat dy ta doel ha in wearde te befêstigjen sûnder te begripen om hokker wearde it giet. Dat is mei de âldste kodeks fan noarmen, de tsien geboaden, al it gefal. In noarm is ‘do silst net deaslaan’. Dat ús dúdlik, it libben is weardefol en moat beskerme wurde. In oare noarm is ‘do silst net troubrekke’. It houlik is in wearde en moat respektearre wurde. Ja, en dan begjint de twivel, ik soe it houlik gjin wearde neame wolle, it is bytiden in noflik en handich ynstitút, mear net.
It ferrifeljende en ferriederlike is, dat men as bern in grut tal regels oanrikt krijt dy ’t allegear like belangryk en fan deselde oarder lykje te wêze. Do moatst de hân útstekke ast de bocht om wolst, do moatst op ‘e tiid nei de kapper gean, do moatst tsjin grutte lju mei twa wurden prate, do moatst foar iten hanwaskje. As bern moat men wol oannimme dat dy regels allegearre likefolle wearden tsjinje en it kostet tiid en tinken om te ûntdekken dat soks ûnsin is.
Trinus Riemersma, Noarmen en wearden.
[x]#230 fan donderdag 3 oktober 2002 @ 12:39:46