Kistwurk hâldt der mei op

It literêre tydskrift Kistwurk is der op ien jannewaris mei opholden. Elts nimt him ek mar foar it nije jier better te begjinnen.

Mar liestû Kistwurk dan wolris?

Ik moat earlik sizze dat allinne Eeltsje Hettinga syn Nachtbraakboek wol wat hie. Al wie dat de lêste moannen faaks in geklei dat oaren wol mear subsydzje krigen, en sy heultiid mar net. Al dat geëamel makke de oare teksten ek wer minder moai.

It kleeft fansels oan sa’n bedriigde taal as it Frysk, dat alles fan subsydzjes oan elkoar liket te hingjen.

Mar krekt troch al dat jild fan de oerheid wurdt ek it middelmatige sa oppompt dat it heul wat liket. Der is ommers net sa folle mear. Dêrom bin ik altiten wat allergysk foar al dat gejeuzel oer jild.


[x]#300 fan maandag 6 januari 2003 @ 12:36:38


© eamelje.net 2001-2019. Alle rechten voorbehouden

ien réaksje

lieuwe  op 9 januari 2003 @ 17:10:54

Minske eamelje net!