Relderel ii

Wat my fuortendaliks al tsjinstie yn dy hiele diskusje is dat it wer ris net om prinsipes gong, mar om jild. Wol eamelje dat de Ljouwerter in hiel minne krante is, mar dan net ferjitte wolle dat it in rike strieminne krante is. En in part fan dat jild fan dy krante kinne se dan dochs wol goed brûke; der spuie sy absolút net op. Nee blinder, dat mei dy krante har noait ôfnimme, want sy hawwe der gewoan rjocht op. Sy binne de kultuer yn Fryslân, en oaren net.

It sit dy wol heech.

As dy manlju no ris wat minder om de sinteraasje jeuzelden, en wat mear moaie dingen makken. As subsydzje al wat is, sil it noait in rjocht wêze. En al wie it in rjocht, dan dochs wis wol in rjocht dat fertsjinne wurde moat.


[x]#427 fan donderdag 26 februari 2004 @ 15:15:15


© eamelje.net 2001-2019. Alle rechten voorbehouden