Nije Staveringshifker ii

In grut kommunikaasjesúkses kin ik dy nije staveringshifker fan ‘e Akademy net neame. Hoewol dat ding no krekt mear minsken der ta oansette moat Frysk te skriuwen.

De measte Friezen binne no ien kear analfabeet yn harren memmetaal.

Mar, earstens is it bestân allinnich mei Internet Explorer op te heljen; en dat programma is net feilich. Min wurdt tsjinwurdich sels advisearre oare browsers te brûken.

Dan docht bliken datst’ allinne in setup.exe binnen krijst, sûnder ynformaasje. Dy hat in tige Frysksinnige interface, mei wurden as “neikommende”, “in amerijke”, en “foltôgje” dy’t ik noch noait troch in normaal minske brûkt heard haw.

En by eintsjebeslút wurket de staveringshifker net atst’ de âlde hifker út 1999 al ynstalleare hiest.

Hawar. It is in genot.


[x]#630 fan maandag 21 juni 2004 @ 23:49:32


© eamelje.net 2001-2019. Alle rechten voorbehouden

2 kommentaren

DJ-Zeik(v)  op 29 juni 2005 @ 10:21:06

It is in grut lijen! As ik de staveringshifker ynstallearje wol rint de boel geheid fêst! As dan wol it wer net, wat ik ek doch. No, ik kin jo wol fertelle dat dat my wol ris stapelgek makket! O, it allegear sa’n lijen! se moatte net sizze dat de staveringshifker maklik fan de webside ôf te heljen is, want dat is NET SA!!!!It is in hiel grut Lijen!
groetnis van DJ-Zeik

In famke fan de Pabo yn Ljouwert  op 29 juni 2005 @ 10:25:23

Ik wol efkes wat sizze:
Ik hâld fan Jelle Zwanenburg!!!!!!Jelle, ast dit lêst, al myn leafde giet út nei dy. Do bist sa knap en sa leaf, do wist net heal watst allegear mei my dochts.
Ik sil dy altyd yn myn hert hâlde,
In famke fan de Pabo yn Ljouwert