Twataligens

Klaas Jansma kleit yn it fjirde nûmer fan De Moanne fan dit jier:

De nijste generaasje Friezen is fan bern ôf yn mearderheid twatalich, wêrby’t de Hollânske en ynternasjonale wurdskat alle dagen grutter wurdt en de Fryske nei de bernejierren amper mear groeit. De ferriking moat ommers fan âlde strewellen as ús komme, net fan hippe rolmodellen yn ‘e referinsjegroep. Yn eigentiidske kommunikaasje oer har eigen dingen – leafde, fertriet, skoalle, popkultuer, moade, kommunikaasje – rêde se har better yn ‘e twadde as de earste taal. Binne der gongbere Fryske wurden foar oversekst, depressyf, profylkeus, dvd, gel, chatte?

Nee, gjin oare as hobbyïstyske keunstkonstruksjes. Soks lêst men selden yn rapporten oer taalhâlding en -gedrach, mar men heart en sjocht it alle dagen om jin hinne. Dêr kin gjin Frysksinnige mem tsjinop.

Goed nijs foar Jansma, en no ris en oar argumint foar it behâld fan it Frysk: minsken dy’t wend binne twa talen te brûken bliuwe helderder yn harren âldens.


[x]#648 fan vrijdag 2 juli 2004 @ 22:13:49


© eamelje.net 2001-2019. Alle rechten voorbehouden