Relderel

Der is in grutte rel in Fryslân!

Wol Brussel it aaisykjen dochs wer ferbiede?

Folle slimmer noch.

De amtners op it provinsjehûs dy ’t Frysk leare wolle, moatte dochs harren boeken sels keapje.

Moatst net de gek mei my ha.

Wat kin der dan ta in rel liede yn in provinsje dy ’t allinne bekind is om’t de boeren der ieuwen lang sa tefreden harren kokes molken ha?

In pear ferneamde keunsters roppe eltsenien op om de Ljouwerter Krante te boycotten. Ien út harren fermidden hat swiere krityk spuit op de Ljouwerter

Sa as?

‘De Leeuwarder Courant is de geinstitutionaliseerde middelmaat van Friesland. Het levende bewijs dat gebrek aan concurrentie dodelijk is voor kwaliteit. Deze krant hoeft zich al decennia niet meer te bewijzen. Sinds haar abonneebestand in de jaren zestig en zeventig spectaculair is gegroeid, is er geen uitdaging meer, geen strijd. Wat rest is de eeuwige sluimering van de behoudzucht.”

En?

Dy krityk wie skreaun op persoanlike titel, mar de skriuwer is ek yn tsjinst fan ‘e stifting Keunstwurk. En dy wurdt no boycotte troch de Ljouwerter.

Grappig.

Nee, net.

Dy man ferwyt in ynstitút dat it sa’n ferskriklik min ynstitút is, en is dan fernuvere dat it ynstitút him dernei gedraacht sa as ynstituten altiten dien hawwe? Wat hie er dan wold? Dat de Ljouwerter Krante himsels út skamte opheffe hie? Dat er fuortendaliks in grut mea culpa op de foarside kommen wie, en alle wykeinen de nije ekstra bylage “Oe, it spyt ús sa.”?

Hy krijt dochs allinne werom wat er sels foarsein hat dat werom komme soe? En siz no net dat er dit net witte koe, oars hie er net sa’n stik skreaun. Dat, wêrom binne al dy minsken no lilk dan?


[x]#422 fan dinsdag 24 februari 2004 @ 23:57:53


© eamelje.net 2001-2019. Alle rechten voorbehouden