De Foksejacht I/i
Myn detinsje begûn,
doe’t nei fleurich krûmpraat, de susters
har fan my ôfkearden, as hie ik har oantaast,
en har wite bazen
op de hoannepoaten fan har boarterstaal
my trochferwiisden.Neat te rêden,
al krijt men jins nocht fan groufammen en feinten
dy’t jin oansprekke oft der gjin folwoeksen taal bestie.Neat te rêden,
mar by de djipdollende hoaleman
besefte ik, ik wie in skierfoks,
in solitêr tusken keppels, ridels en clans.Ik draach in hoal yn mysels, sei ik bluisterich,
mar hy begûn âlde spoaren te lêzen:
wêr wie dyn skûlplak op tritich maaie trije-en-fjirtich?
Datstoe doe libbest, solitêr,
wurdt as onfoech útlein en bliuwt dy belêsten.Neat te rêden,
mar men wurdt sa wurch fan healwoeksen folk
dat âlde foksen bejaget as skealik wyld.Neat te rêden:
de pipen fan it hoal fersegelje
en gjin sjoege jaan.Jan Wybenga, út: De Foksejacht
Zie ook mijn recensie van de bundel hier.
[x]#1560 fan dinsdag 22 november 2005 @ 00:03:57