Undertusken, yn it heitelân

Krekt no’t Joop Boomsma der mei ophâlden is, begjint Sito Wijngaarden it earste Fryske wurkleaze-weblog.

Wol op in web streepke log adres, en dêrom dus eins net serieus te nimmen.

De webside dêr’t steun op frege wurdt foar in Frysk identiteitsbewiis leit der út. Dat kin ik net slim fine. In ferfelende oerheidsmaatregel oangripe om de Fryske saak nochris wer drammerich ûnder de oandacht te bringen, tsjûget neffens my allinne mar fan in aaklige kollaborateursmentaliteit.


[x]#763 fan woensdag 29 december 2004 @ 21:35:52


© eamelje.net 2001-2019. Alle rechten voorbehouden