Argewaasje fûn – Argewaasje jûn ~ Trinus Riemersma

► door: A.IJ. van den Berg

Trinus Riemersma is gjin dichter, derfoar ha syn fersen te min poëzy. Ritme ûntbrekt en rym alhielendal, útsein yn’e titel dan. Wat er wol oernommen hat is de kompaktheid fan poëzy en de emosjonele krêft. En dy beide eleminten brûkt er by tiden prachtich. Dat, hoewol’t alle hûndert gedichten yn dizze sammelbondel ek as proaza te lêzen binne, helpet de keazen foarm al harren boadskip better oer te bringen as proaza oait kind hie.

Fansels fûn ik de skeldstikken it aardichst. Nocht oan ûnnocht mei ik no ienkear wol oer.
 
 
 

Trinus Riemersma, Argewaasje fûn – Argewaasje jûn
Sammele fersen

109 pagina’s
Koperative Utjowerij, 1996

[x]